Gjin sirenes om 12 oere

05 sep 2011 - 11:25
  • De brân, sjoen fanút de Schuilstrjitte (foto: Jessica Bouma)

Yn ferbân mei de grutte brân yn Harns geane de sirenes om 12 oere net ôf. Oars wurdt alle earste moandeis sa'n proefalaarm hâlden. De brân by spekjesfabryk Astra Faam yn Harns wurdt bestriden mei 120 brânwachtminsken. Der wurdt mei man en macht besocht in muorre yn it gebou te behâlden, sadat de brân him net fierder útwreidet yn it gebou.

By de brân komt in hiel soad reek frij, dy't fan fierren te sjen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)