Grutte brân yn Harns

05 sep 2011 - 09:34

By it spekjesfabryk fan Astra Faam yn Harns is moandeitemoarn in grutte útslaande brân útbrutsen. De brânwacht is mei grut materieel útrukt om de brân te blussen. Korpsen út de hiele regio binne oproppen om te helpen.

Alle bedriuwen yn de buert binne ûntromme en de skipfeart is stillein. De reek giet rjochting Mullum en Minnertsgea, de minsken dêr wurdt advisearre ruten en doarren ticht te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)