Snits Wyt Swart spilet lyk

04 sep 2011 - 16:38

Snits Wyt Swart hat snein yn it iepeningsduel fan it nije haadklasse seizoen mei 1-1 lykspile tsjin DIO Grins. De Grinzers binne debutant yn de haadklasse en koene aardich meikomme mei de thúsploech. It wie Snitser Freerk de Jong dy't mei in ôfstânskot yn de 50e minút de skoare iepene.

Omdat Snits WS-keeper Theo Timmermans krekt bûten it sechtjinmetergebiet in oertreding makke, krige DIO Grins in frije traap. Dy levere in goal op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)