Himpplantaazje yn Minnertsgea

04 sep 2011 - 15:59

De plysje hat sneintemoarn yn Minnertsgea in grutte weedplantaazje oprôle. De goed 1700 planten stiene yn in loads oan de Meinardswei. De plysje gie nei de loads fanwege de melding dat der wetter út de loads streamde.

Nei it iepenbrekken fan de doar fûn de plysje trije romtes fol planten en apparatuer. In grut part fan 'e planten wie hast folgroeid. Op de flier fan 'e loads stie in pear sentimeter wetter, ôfkomstich fan in lekke wetterbak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)