Ljouwert:trep troch rút smiten

In húshâldtrep waard troch in rút smiten (foto: Anton Kappers)
De plysje hat sneontejûn in Ljouwerter (27) oanhâlden nei oanlieding fan ferskate fernielings yn Ljouwert. De man wurdt der fan fertocht dat hy mei oaren in húshâldtrep troch it rút fan in hûs oan de Wylgenstrjitte smiet. Ek soe de groep in auto fernield hawwe fan de bewenner fan dit hûs.
Nei oanlieding fan ferklearrings fan tsjûgen kaam de plysje de Ljouwerter op it spoar. Hy waard oanhâlden yn 'e Magnoliastrjitte. De plysje sil mooglik noch mear minsken oanhâlde.