Parfumdief oppakt yn Ljouwert

De plysje hat sneon yn Ljouwert in 40-jierrige man oanhâlden foar it stellen fan parfum út in winkel oan de Skrâns. Meiwurkers fan 'e drogisterij seagen dat de man de parfum yn in tas die en de winkel út rûn sûnder beteljen.
De man woe útnaaie, mar waard tsjinhâlden troch twa meiwurksters fan de winkel en in klant. De man fersette him bot, mar it slagge de trije froulju om de man fêst te hâlden oant de plysje kaam. De fertochte waard oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.