WK-brûns foar Crispijn Ariëns

Crispijn Ariëns
Skeelerneur Crispijn Ariëns hat snein brûns helle op de 10 kilometer puntekoers by it wrâldkampioenskip inline skaten yn Súd-Koreä. Ariëns einige efter de Frânsman Yann Guyader, dy't earste waard, en Europeesk kampioen Bart Swings út België.
It is it earste poadiumplak foar de ynwenner fan Wolvegea, neidat hy sneon sânde waard op de 20 km ôffalkoers. Mei de brûnzen WK-medalje jout Ariëns in ferfolch oan syn twadde plak op it EK fan ôfrûne moanne.