IGWO:Priis foar Sjoerd Elsinga

04 sep 2011 - 14:37

De Flylanner trûbadoer Sjoerd Elsinga hat op it haadpoadium fan festival Into the Great Wide Open de 'Ommetje Publykspriis' krigen. Dizze publykspriis is ornearre foar in persoan of organisaasje dy't it libben op it eilân op in positive wize útdraacht.

Sjoerd Elsinga hat de ûnderskieding krigen foar it nûmer 'Laat me maar op Vlieland zijn'. Neffens de organisaasje soarget dat liet foar it 'ultime Flylângefoel'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)