Wolvegeaster mishannelet jonge

04 sep 2011 - 10:54

In man (18) út Wolvegea is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden yn Meppel foar mishanneling. Hy soe tegearre mei in 17-jierrige jonge út Meppel in oare jonge (17) út Meppel mishannele hawwe op it Prinsenplein yn it plak.

De plysje wist it duo oan te hâlden op basis fan in sinjalemint. De twa binne oerbrocht nei it plysjeburo en sitte fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)