Help foar opsetten Voedselbank

04 sep 2011 - 10:45
  • Der moat gau in voedselbank komme yn Tytsjerksteradiel (foto: argyf)

Tytsjerksteradiel moat gau ûndersykje oft der in voedselbank yn de gemeente komme kin. Ein july waard bekend dat der in soad ferlet fan in voedselbank is. Ut in enkête fan de Kliïnteried fan de gemeente docht bliken dat hast trije kwart fan de minsken mei in útkearing sa'n bank ha wol.

De ried besiket al de hiele simmer in groep minsken by elkoar te krijen dy't in voedselbank opsette kin, mar freget no de help fan de gemeenteried. Dy praat der op 15 septimber oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)