Motorrider ferûngelokke

Foto: Anton Kappers
By in slim ûngelok op de Froonackerdyk by Winsum is sneontemiddei in motorrider om it libben kaam. Wat der krekt bard is, wurdt noch ûndersocht. Neffens in tsjûge soe in trekker de motorrider oer de holle sjoen hawwe by it oerstekken fan de provinsjale dyk. De motor is doe tsjin de sydkant fan de trekker oanklapt.
De plysje docht ûndersyk op it plak fan it ûngelok.