Foppe ferliest mei Tûvalû
Tûvalû fan bûnscoach Foppe de Haan hat sneon mei 6-1 ferlern fan de Salomonseilannen. It wie foar de ynwenner fan Nes it tredde ferlies op rige op de Pacific Games yn Nij-Kaledoanië. Moandei spilet Tûvalû foar it lêst, Guam is dan de tsjinstanner.
By in lykspul eindiget de ploech op it fjirde plak yn de pûl. Dat wurdt sjoen as in goede prestaasje.