Man naait út foar plysje

03 sep 2011 - 14:08

By in alkoholkontrôle op de Ureterpervallaat yn Drachten is freedtenacht in automobilist útnaaid dy't net mei woe nei it plysjeburo. De man moast mei om't in blaastest oanjoech dat er tefolle alkohol op hie. Doe't in plysje him frege mei te gean, joech de man gas en naaide út.

Syn auto waard letter dy nacht in pear hûndert meter fierderop fûn yn in wenwyk yn Drachten, sûnder bestjoerder. De plysje is no op syk nei de man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)