Mei scootmobyl de sleat yn

03 sep 2011 - 13:53

In 77-jierrige man út Hallum is freed yn Feinsum mei syn scootmobyl in sleat ynriden. De man ried op de Hege Hearewei yn it doarp. Doe't der in tsjinlizzer oankaam, rekke er de macht oer it stjoer kwyt en kaam er yn de sleat telâne.

Omstanners hawwe de man út it wetter helle. Hy rekke net ferwûne. Plysjes hawwe him nei hûs ta brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)