Blomketerp wer iepen

03 sep 2011 - 12:57

Swimbad Blomketerp yn Frjentsjer is sneon wer iepen gien foar it publyk. Nei in beskieden resepsje foar noege minsken, meiwurkers en frijwilligers, namen de swimmers it bad wer yn gebrûk.

It hat twa moanne sletten west, omdat de gemeente it kontrakt mei de foarige eksploitant opsein hie. Yn de ôfrûne moannen is it bad oergien nei in nije stifting. De gemeente hat in liening en wat jild jûn, mar de stifting is no eigner fan it bad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)