Gravuere foar Admiraliteitshûs

De famylje Lierl mei de gravuere
It Admiraliteitshûs yn Dokkum hat in bysûndere gravuere út 1673 krigen. De kaart is skonken troch in Amearikaan. Hy komt gauris yn it museum omdat syn dochter yn Fryslân wennet. De gravuere is goudkleurich. It is in plan om om Dokkum hinne in wâl te bouwen.
De tekening is makke nei oanlieding fan rampjier 1672. De republyk waard doe oanfallen troch Frankryk en Ingelân en de bisdommen Keulen en Münster. De wâl moast Dokkum beskermje. It plan is nea útfierd.