Toaniel wykt foar bekerfuotbal

Ynwenners fan De Harkema dy't fan toaniel en fuotbal hâlde hoege dizze moanne net te kiezen. Op 20 septimber spilet topklasser Harkemase Boys tsjin Willem II. Op dyselde dei stie ek iepenloftspul 'Simke in Frysk fanke' op it programma.
Om problemen mei parkearen en lûdsoerlêst foar te kommen hat it iepenloftspul de útfiering ferskood. Minsken dy't in kaartsje ha foar de 20ste kinne dy gewoan sjen litte op de nije datum. Dat is in dei letter.