Lotterijpriis yn Frjentsjer

Priiswinners fan de postkoadelotterij yn Frjentsjer
Eltsenien dy't meidocht dreamt der fan, dat hy ris foar de doar stean sil: Gaston fan de Postkoadelotterij. Yn Frjentsjer barde dat freedtemoarn. De strjittepriis fan 'e ekstra trekking foel by de bewenners fan de Frisia. Mei-inoar gie der 1 miljoen euro nei de Frisia, ferdield oer tweintich lotten. It komt del op in priis fan 45.454 euro de man.
Guon bewenners koene it net leauwe. Oan de Frisia wie it oanlieding foar in spontaan feest.