Van der Duim nei heale finale

Antal van der Duim (argyffoto: Omrop Fryslân)
Tennisser Antal van der Duim hat op it Future toernoai yn Apeldoarn de heale finale helle. Yn syn wedstriid tsjin de Frânskman Nicolas Devilder ferlear 23-jierrige Finkegeaster de earste set mei 6-4. Yn de twadde set gie it gelyk op (2-2), doe't Devilder mei in ankelblessuere opjaan moast.
Yn Apeldoarn binne punten te heljen foar de wrâldranglist. Van der Duim stiet no op plak 406, mar hat dit jier al in soad punten helle. Sa hat hy yn 2011 al twa toernoaien op syn namme set.