Harns wol hûnestront oanpakke

De gemeente Harns sil stranger kontrolearje op oerlêst troch hûnen. Opspoaringsamtners hawwe de opdracht krigen om fuortendaliks in boete te jaan. It net opromjen fan hûnestront kostet tenei 100 euro. As in hûn net oan de line sit kostet dat 70 euro.
In soad ynwenners ha oanjûn dat se lêst ha fan de hûnestront. Boppedat binne in soad minsken benaud foar losrinnende hûnen. Alle hûnebesitters yn de gemeente Harns krije ynformaasje oer it nije belied tastjoerd.