Alvestêdetocht foar kajak los

02 sep 2011 - 13:45

23 kajakkers weagje harren freed en sneon oan de mear as 200 kilometer lange Alvestêdetocht. It doel is om binnen 36 oeren wer werom te wêze yn startplak Frjentsjer. It giet net om in estafette en der wurdt ek net slept; de dielnimmers sitte 36 oeren yn in kajak te peddeljen.

Kanoferiening Onder de Wadden fan Frjentsjer organisearret foar de njoggende kear de tocht, dy't freedtemoarn betiid fan start gie yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)