Gea knapt twa einekoaien op

02 sep 2011 - 12:53
  • De einekoai by Suwâld wurdt skjinmakke en opknapt (foto: Omrop Fryslân/Ronnie Porte)

It Fryske Gea knapt twa einekoaien yn de Louwsmarpolder by Ljouwert en Suwâld op. De koaien dy't eartiids brûkt waarden om wylde einen te fangen foar de slacht, sitte fol bagger en driigje it rjocht op beskerming fan de flora- en faunawet te ferliezen.

It is it Gea net te dwaan om de koaien fol einen te krijen. Doel is om in plak te meitsjen dêr't bisten en planten frij libje en groeie kinne. De koaien binne net frij foar it publyk tagonklik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)