Genôch keamers yn Ljouwert

www.leeuwardenstudiestad.nl
Studinten kinne frij maklik oan in keamer komme yn Ljouwert. It oanbod is goed fan kwaliteit en priis yn fergeliking mei oare studintestêden. Yn Ljouwert is in studint yn trochsneed minder as 300 euro yn de moanne kwyt en dêrmei skoart de stêd it bêste fan alle studintestêden.
Neffens Hendrik Hoogenkamp fan WoonFriesland wenje der nei skatting 6.000 studinten yn Ljouwert dy't of by partikulieren of by in korporaasje hiere.