Man (89) rydt eigen hûs yn

02 sep 2011 - 09:52

In man fan 89 út Balk hat tongersdei mei de auto in ravaazje oanrjochte yn syn eigen hûs. Hy hie krekt boadskippen dien en ried mei de auto syn hiem oan de Jelle Meineszstrjitte op. Ynstee fan te remjen, joech er gas en dêrtroch ried er dwers troch de garaazjedoar hinne.

Hy botste tsjin in draaiende waskmasjine en in fyts oan. Sadwaande ûntstie in soad skea yn de garaazje. De plysje hat it rydbewiis fan de man yn beslachnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)