Jong H'fean wint fan Veendam

Jong Hearrenfean/Emmen hat in oefenwedstriid tsjin earstedivisionist Veendam mei 1-3 wûn. Foar Hearrenfean makken Timo Letschert, Doke Schmidt en Menno Heerkes de doelpunten.
Jeffrey Gouweleeuw stie foar it earst wer yn de basis neidat hy in moanne út de rûlaasje west hat fanwege blessueres. Gouweleeuw foarme tegearre mei Doke Schmidt it ferdigeningsduo. De nijste oanwinst Rajiv van La Parra makke syn debút yn de kleuren fan SC Hearrenfean.