Wikipedia-fotowedstryd

Der steane noch te min foto's fan Ljouwerter monuminten yn de ynternet-ensiklopedy Wikipedia. Dat fynt Wikimedia Nederlân. Dy organisearret dêrom sneon in wedstryd mei de namme 'Wiki loves monuments'. Dielnimmers wurdt frege om op ien dei safolle mooglik monuminten yn Ljouwert op de foto te setten. It giet dan bygelyks om it Grietmanshûs en de Noordertsjerke.
Dielnimmers meitsje kâns op in Eepad of in fotokamera.