10.000 besikers by Happiness!

01 sep 2011 - 20:07

De tentoanstelling 10.000x Happiness! yn keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert hat tongersdei de 10.000ste besiker lutsen. De tentoanstelling giet oer geloksymboalen op Sinees porselein. De tentoanstelling lûkt publyk fan alle leeftiden en út in hiel soad lannen. Sa wiene der dizze simmer al minsken út Sina, Ingelân en Skandinaavje.

Sinezen leauwe dat harren winsken útkomme as se mar in soad gelokssymboalen om har hinne hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)