Einekoaien wurde opknapt

01 sep 2011 - 16:07

Twa einekoaien fan it Fryske Gea wurde ûnder hannen nommen. It binne de Van Asperen einekoai oan de râne fan de Louwsmarpolder by Suwâld en Kobbekoai yn de Grutte Wielen by Ljouwert. By beide koaien leit op de boaiem fan de koaiplas tefolle slib dat fuorthelle wurdt.

Einekoaien waarden earder brûkt om einen te fangen. In soad fan dizze ieuwenâlde koaien binne ferlern gien. It Fryske Gea beheart acht koaien. Se wurde no brûkt troch ferskate bisten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)