Atleet Jan Lammers ferstoarn

01 sep 2011 - 14:14

Atleet Jan Lammers is op 84-jierrige leeftyd ferstoarn. De Drachtster is de lêste Nederlanner mei in medalje op in sprintnûmer op in grut toernoai. Hy helle in brûnzen plak op de 200 meter op it Europeesk kampioenskip atletyk yn Brussel yn 1950.

Lammers waard yn datselde jier ek Nederlânsk kampioen op de 100 en de 200 meter. Yn 1948 pakte Lammers ek de titel op de 200 meter. Hy hat ien Olympyske dielname op syn namme stean, op de Spelen fan 1948 yn Londen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)