Gjin nij bestimmingsplan Fean

Hearrenfean makket foarearst gjin nije bestimmingsplannen mear. Earst moat nije wetjouwing ferwurke wurde yn besteande plannen. Ek wurdt besocht de plannen fleksibeler te meitsjen sadat minder faak in planproseduere nedich is. Saneamde postsegelplannen foar lytsere bouprojekten wurde noch wol yn nije bestimmingsplannen fêstlein.
Ek de rinnende prosedueres foar it IBF en it bedriuweterrein fan Hearrenfean-Súd en foar it beskerme doarpsgesicht fan Oranjewâld geane gewoan troch.