Frou belutsen by bommelding

De plysje hat in frou (36) oanhâlden foar belutsenheid by de bommelding yn Ljouwert. Op 4 augustus waard belle mei de Kredietbank dat der in bom yn it gebou lei. De frou komt út Opsterlân. Se hat net belle, want dat wie in man. De plysje slút út mear oanhâldings net út.
By de bommelding is de omjouwing fan de bank ôfsletten. Personiel moast it gebou út. Bomferkenners troffen neat oan. De frou hat in proses-ferbaal krigen en is nei ferhoar frijlitten.