Gjin jild foar soarchpreemje

Mear minsken betelje de soarchpreemje net mear. By soarchfersekerder De Friesland nimt de lêste trije moanne it tal minsken mei betelproblemen ta. Alle moannen komme der 85 minsken by.
As klanten mear as in healjier net betelle ha, wurde se twongen ta in betellingsregeling. Ek it tal minsken dat sels bellet mei De Friesland om in regeling ôf te praten groeit hurd. Der binne no 7875 regelingen. Der wurdt ferwachte dat dat oprint nei in lytse 9000 oan de ein fan it jier.