Steuring yn ôffaloven

Der hat in steuring west by de ôffaloven yn Harns. Tiisdei kaam in stik aluminium yn de oven terjochte. Troch de hege temperatuer yn de oven raande dat en rekke in klont metaal fêst yn it ferbaarningsroaster. Om it stik metaal fuorthelje te kinnen, is de oven fan Omrin stillein.
Omrin ferwachtet dat de oven tongersdei wer ôffal ferbaarne kin. Neffens direkteur Vernooij binne dit soarte steuringen normaal binne foar in oven dy't noch net lang draait.