Twa himpkwekerijen oprôle

01 sep 2011 - 10:52
  • (argyffoto)

De plysje hat twa himpkwekerijen leechhelle. Yn in leech hûs oan de Grinzerstrjitte yn Surhústerfean wie in kweekromte foar 700 planten. Ek op de souder fan de bedriuwsromte wie in kwekerij foar 300 planten. Der lei in partij droege hennep. De stroom waard yllegaal ôftape. De eigner fan it gebou moat op it buro komme.

Yn in bedriuwsgebou oan it Van Knobeldorffsplein yn Drachten wie in folslein ynrjochte kwekerij. Der wiene gjin planten. Net ien is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)