VVD: rint provinsje risiko?

01 sep 2011 - 10:33

De VVD-fraksje yn de steaten is bang dat de provinsje risiko rint at it ryk in grins stelt oan de winst dy't drinkwetterbedriuwen meitsje meie. Der is krityk op de drinkwetterbedriuwen fan ûnder oare de Consumentenbond. Dy wetterbedriuwen soene de priis fan it wetter keunstmjittich heech hâlde út winstbejach. It ryk stelt dêr no in maksimum oan.

De provinsje hat lêsten mear oandielen yn wetterbedriuw Vitens kocht, om sa in mearderheid yn it bedriuw te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)