Euro Dog Show yn Ljouwert

01 sep 2011 - 09:35

By it WTC Expo komme tongersdei sa'n 10.000 hûnen foar de Euro Dog Show. Dat hûne-evenemint is dit jier yn Ljouwert. Der binne mear as 300 ferskate hûnerassen dy't meidogge. Tongersdei wurdt in Nederlânsk kampioen keazen, Freed binne der ynternasjonale keuringen.

By de nasjonale keuringen is spesjale oandacht foar de Fryske rassen, de stabij en de wetterhûn. Dy ha har woartels yn Fryslân. De Euro Dog Show duorret oant en mei snein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)