Mear klanten Friesland Bank

It giet goed mei de Friesland Bank. Foaral de reklamespotsjes mei tv-persoanlikheid Jort Kelder binne suksesfol. Dit jier binne der al 12.000 nije klanten bykaam. Dat binne al mear as yn hiel 2010. Ek it jild dat troch de klanten op de bank set wurdt is tanaam. De stiging is 12 persint. Dat komt del op in bedrach fan 600 miljoen euro.
De nettowinst fan de Friesland Bank is mei 5 miljoen euro itselde as ferline jier om dizze tiid.