Sirkusdirekteur ferstoarn

31 aug 2011 - 18:31

Sirkusdirekteur Harm Witteveen (49) fan Hallum is ferstoarn. Witteveen rjochte yn 1988 Circus Witova op. Elk jier waard in toernee hâlden en troch foarstellings op de Waadeilannen wie Witova in begryp op skoallen. Ek waard faak optreden op kulturele festivals en doarpsfeesten.

Witteveen wie by it publyk foaral bekend as clown. Yn de simmer fan 2007 waard by Witteveen de spiersykte ALS fêststeld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)