Assaidi bliuwt by Hearrenfean

Oussama Assaidi (foto: Dirk Jan Haarsma, Omrop Fryslân)
Oussama Assaidi en Luciano Narsingh bliuwe by SC Hearrenfean. De twa fleugeloanfallers stiene neidruklik yn 'e belangstelling fan ferskate klups, mar Hearrenfean wol it duo net kwyt.
"Het is klaar, dat gaat niet meer gebeuren", sa seit technysk direkteur Johan Hansma. Foarsitter Robert Veenstra liet earder al witte dat Assaidi foar minder as sân miljoen euro net fuort mei. De deadline foar tranfers is fannacht tolve oere.