Gearwurking kreamsoarch-ROC's

31 aug 2011 - 17:10

Ynstellings foar kreamsoarch yn Fryslân en twa Fryske ROC's sille tegearre oparbeidzje. Sa wolle derfoar soargje dat der yn de takomst genôch kreamhelpen binne.

Hieltyd minder MBO-learlingen kieze foar de kreamsoarch. It tal staazjeplakken is ek tebekrûn. Yn Grinslân en Drinte is mei súkses in proef hâlden. Moandei set yn Fryslân de earste groep fan tweintich learlingen mei de nije gearwurking útein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)