Saak-Akkrum noch net begûn

31 aug 2011 - 16:10
  • De rjochtbank yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

It duorret noch wol even foardat de âlden fan de deade poppe yn Akkrum heard wurde. It Iepenbier Ministearje wol earst alle ûndersyksgegevens byinoar hawwe foardat se nei de âlden ta stappe.

It wachtsjen is ûnder oare noch op it definitive seksjerapport en op de útkomsten fan it buertûndersyk. Mei dy gegevens en de ferklearring fan de heit en mem moat dúdlik wurde oft it giet om in ûngelok of neilittichheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)