Sedesaak sliepseal: wurkstraf

31 aug 2011 - 15:26

Fjouwer Dútske jonges binne tiisdei yn Dútslân feroardiele ta wurkstraffen foar in sedesaak op It Amelân. Op kampearbuorkerij Zilvermeeuw yn Bueren soene se ferskate kearen misbrûkt wêze. Dat soe wêze op de sliepseal.

Neffens de rjochtbank yn Dútslân is it net wis dat der seksueel misbrûk west hat. De rjochtbank fynt mishanneling en bedriging mei geweld wol bewiisd. De fjouwer dieders fan 15 en 16 jier hawwe wurkstraffen krige fan 60 oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)