Praktykskoalle stiet te keap

31 aug 2011 - 14:53
  • De praktykskoalle yn Oentsjerk (foto: Omrop Fryslân)

De praktykskoalle yn Oentsjerk stiet te keap. It sintrum, de grûn en de gebouwen wurde ferkocht. As de keaper dat wol, kinne ek de 150 melkkij, 125 stiks jongfee en it molkkwotum oernaam wurde.

De praktykskoalle PTC+ is in begryp yn de agraryske sektor. Hast fyftich jier binne der trainings jûn, ek oan bûtenlanners. Troch in reorganisaasje moat de eigner no ferkeapje. LTO Vastgoed docht de ferkeap. Der soe al belangstelling wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)