Nostalgyske lampen yn Hylpen

Hylpen (foto: Omrop Fryslân)
Hylpen krijt yn de hiele stêd nije strjitferljochting. De gemeente hat besletten de besteande ljochtmêsten te ferfangen troch nostalgyske lampepeallen. Alle 67 lampepeallen wurde ferfongen. De eardere gemeente Nijefurd wie dat al fan plan. De nije gemeente Súdwest-Fryslân fiert it plan no út.
It ferfangen fan de strjitferljochting kostet hast 200.000 euro. It wurk sil dit jier noch syn beslach krije.