Hamburger wis fan Spelen

31 aug 2011 - 14:24
  • Sjoerd Hamburger (foto: Omrop Fryslân)

Sjoerd Hamburger, earder fan Aldeberkeap, hat him mei de Hollân Acht by it wrâldkampioenskip roeien pleatst foar de finale. Dêrmei hawwe se ek in startbewiis fertsjinne foar de Olympyske Spelen yn London fan takom jier.

Op it WK yn it Sloveenske Bled einige Nederlân yn de heale finale op it twadde plak achter Dútslân. Om yn de finale te kommen, moast de ploech him by de bêste trije roeie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)