Harns helpt by eigen bedriuw

Stedhûs yn Harns (foto: Omrop Fryslân)
De gemeente Harns stekt oant 2014 alle jierren 25.000 euro yn it begelieden fan minsken dy't in eigen bedriuw begjinne wolle. By oare regelingen giet it faak om in soart starterssubsydzje. Dit giet om begelieding foar minsken dy't dreech oan in baan komme kinne. Sa kinne se op in oare wize oan ynkommen komme.
De nije regeling set út ein mei fiif minsken. De gemeente hopet dat der yn 2014 tweintich of tritich nije ûndernimmers binne