Keatsklup profyt fan Konvinsje

31 aug 2011 - 11:23

De Konvinsje fan Achlum hat de keatsklup yn it doarp in nije sponsor opsmiten. It kampanjebedriuw BKB út Amsterdam hat in oerienkomst foar trije jier mei de keatsferiening sletten.

De keatsferiening hie earst Achmea benadere om te sponsorjen, mar de ferskerder woe net. BKB woe wol graach syn namme foar langere tiid ferbine oan it doarp. Sa kamen se út by de keatsklup, dy't no trije jier lang finansjeel stipe wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)