Jonges stekke bankjes yn brân

Foto: Anton Kappers
De plysje hat tiisdei trije jonges fan 15 en 16 jier út Ljouwert oanhâlden op fertinking fan brânstichting. Om 3 oere kaam der in melding dat twa bankjes yn it Griene Stjer-gebiet by Ljouwert yn de brân stiene. De tipjouwer hie melden dat trije jonges fuortfytst wiene.
De plysje seach foar Tytsjerk trije jonges dy't foldiene oan it sinjalemint. Se waarden oanhâlden en de plysje fûn dêrby oanmakblokjes en in oanstekker. De jonges hawwe bekend.