Frou stekt freon mei mes

31 aug 2011 - 11:00

Yn Ljouwert hat de plysje tiisdeitejûn in frou fan 22 jier oanhâlden dy't har freon ferskate kearen mei in mes stutsen hie. It slachtoffer hie sels alarmnûmer 112 belle. Doe't helptsjinsten oankamen by de wenning oan de Gerben Colmjonstrjitte troffen se de man swierferwûne oan.

Nei ûndersyk die bliken dat de man en de frou spul hân hiene. De frou is oanhâlden op fertinking fan besykjen ta deaslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)