Sneu ferlies Harkemase Boys

Harkemase Boys wachtet noch altyd op de earste oerwinning yn it nije seizoen. Tiisdeitejûn waard op Sportpark De Bosk mei 2-1 ferlern fan Excelsior '31 út Rijssen.
Beide ploegen wiene oaninoar weage. De Boys kamen yn de 48ste minút op foarsprong. Koos Werkman kopte de frije traap fan Oebele Schokker tsjin de touwen. Fjouwer minuten letter wie it al 1-1 en yn de 89ste minút makke Nigel Michels út in frije traap de winnende foar Excelsior '31.